CU/SGP skrokken fan webside

07 mrt 2006 - 15:48

De webside 'JonginFriesland.nl' jout iensidige ynformaasje oer abortus, fynt de Steatefraksje fan de CU/SGP. De partij is skrokken fan de ynformaasje en wol dat deputearre Ploeg de ynhâld fan de side ferbetterje lit.

De subsidiearre webside jout ûnder oare ynformaasje oer seksualiteit. Der wurdt te maklik omgien mei abortus, fynt de ChristenUnie/SGP. Der wurdt net stilstien by de grutte ynfloed dy't sa'n yngreep hat.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)