Ljouwert keapet diskoteek

07 mrt 2006 - 15:31

De gemeente Ljouwert keapet diskoteek X eye ting oan it Ruterskertier, de eardere Rock It. Dêrmei moat de renovaasje fan it Harmoniekertier lang om let syn beslach krije.

De gemeente praat al mear as tsien jier oer fernijing fan de 'rotte kies' yn 'e Ljouwerter binnenstêd. It is de bedoeling dat tsjinoer de skouboarch hoareka en nije wenten komme. De gemeente betellet sa'n 1,5 miljoen euro foar de diskoteek.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)