Jild stellen yn Ternaard
Ut in wente oan de Koaiwei yn Ternaard is moandeitemiddei tusken 13.30 en 14.00 oere jild stellen. De bewenner (56) wie oan it wurk yn 'e skuorre. Doe't er yn 'e hûs kaam, stiene de bûthúsdoar en de doar fan de wenkeamer iepen. Ut de wenkeamer is jild meinommen.
Op it tiidstip fan de stellerij rûnen der kuierders op de Koaiwei foar it hûs del. De plysje wol graach mei dy minsken prate.