Keunstgers en nij fjild Mildaam

07 mrt 2006 - 13:45

De sportferienings yn Mildaam en de Stifting Iepenbier Skoallenetwurk hawwe de lapen gearsmiten om de sportplakken op te knappen.

Tegearre mei de gemeente Hearrenfean is in plan makke foar de oanlis fan in keunstgersfjild foar de kuorballers. Dêrneist wurdt ek in nij fuotbalfjild oanlein foar 150.000 euro. De sportferienings wolle ek noch dat der jild komt foar it ferbetterjen fan de klaaikeamers.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)