Flyers ûnderút yn Geleen

© Omrop Fryslân
De iishockeyers fan Vadeko Flyers fan It Hearrenfean hawwe sneintejûn ferlern. By Ruijters Geleen waard it 5-0 foar de Limburgers. It wie de twadde wedstriid yn de heale finale fan de play-offs.
Ofrûne tiisdei hie Vadeko Flyers de earste wedstriid thús wûn mei 7-4. Wa fan de beide teams it earst trije wedstriden wint, pleatst him foar de finale. De oare heale finale yn de play offs giet tusken Amsterdam en Nijmegen.