Epke Zonderland wint yn Iran

© Omrop Fryslân
Turner Epke Zonderland fan De Lemmer hat it ôfrûne wykein yn Iran foar it earst yn syn karriêre in wedstriid yn it ramt fan de wrâldbeker wûn. Zonderland wie yn Teheran de sterkste man by it rek. De turner hie foar dy wedstriid noch nea in medalje helle yn in wrâldbeker.
Epke Zonderland sil de kommende wiken mear wrâldbekerwedstriden turnje. Dat docht er as tarieding op it Europeesk Kampioenskip, letter dit jier.