Les foar meiwurkers Woudagemaal

© Omrop Fryslân
By it histoaryske Woudagemaal by de Lemmer driget in tekoart oan minsken dy't mei it gemaal wurkje kinne. Dat komt om't in tal betûfte meiwurkers der ynkoarten mei ophâldt. Wetterskip Fryslân organisearret dêrom spesjale praktyklessen om meiwurkers te learen hoe't it stoomgemaal wurket.
It gemaal is moandei ûnder stoom brocht, sadat de lessen tiisdei begjinne koene. Under de lessen is it gebou gewoan iepen foar publyk.