Nije festiging Friesland Foods

07 mrt 2006 - 10:07

Friesland Foods bout by Warkum in nije opslachlokaasje foar tsiis. Dat hat it bedriuw moandei bekendmakke. De ferpakkings- en opslachlokaasje foar tsiis yn Meppel giet yn 2007 ticht. Dêrby gean 65 wurkplakken ferlern.

De opslach wurdt foar in part ferdield oer besteande lokaasjes, mar der komt ek in nij opslachplak yn Fryslân. Dy opslach sil troch Friesland Foods útbestege wurde oan in spesjalisearre bedriuw.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)