Cambuur: De Wagt tekenet by

07 mrt 2006 - 00:00

Ferdigener Chris de Wagt fan de Ljouwerter fuotbalklub Cambuur hat foar twa jier bijtekene. De Snitser hie in amateurkontrakt mar om't er him dit jier sa goed ûntwikkele hat, komt er foar in profkontrakt yn oanmerking.

De 20-jierrige studint skiednis oan de universiteit fan Grins hat al sûnt de jeugd foar Cambuur spile. Hy hat derby alle jeugdalvetallen trochrûn.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)