Ferkiezingsstriid wurdt fûler

© Omrop Fryslân
Fryslân makket him op foar de gemeenteriedsferkiezings. Oeral yn de provinsje wurdt der noch striid levere om stimmen binnen te heljen. Hoe tichterby de ferkiezings komme, hoe grimmitiger de toan wurdt.
Dat wie sneon te fernimmen by in listlûkersdebat yn Ljouwert. Dêr sei de PvdA bygelyks dat lytse partijen, lykas Fris 2000, de Leeuwarder Klokkenluiders en ONS, neat te sykjen ha yn de gemeentepolityk.