Soad ynteresse alvestêdekuier

© Omrop Fryslân
In hichtepunt foar de stifting Fryske Alvestêdekuiertocht: al goed 800 minsken ha har oanmelden foar de jierlikse kuiertocht yn maaie. Dat binne der hast likefolle as der ferline jier meidiene oan de tocht.
Fanwege it grut tal oanmeldings hat it bestjoer besletten dat der maksimaal 1500 minsken meirinne kinne. Dat der safolle oanmeldings binne, komt neffens it bestjoer trochdat der ek bûten Fryslân mear reklame makke is.