SC Hearrenfean ferliest fan PSV
SC Hearrenfean hat sneontejûn mei 4-1 ferlern fan PSV. PSV begûn sterk mar skoarde net. Hearrenfean hie ien grutte kâns, mar de ynset fan Bruggink waard fan de line helle. Koné en Cocu bepaalden de rêststân op 2-0.
Nei rêst kaam Mark de Vries yn de ploech en hy skoarde yn de 61e minút de 2-1. Doe waard it noch eefkes spannend, maar fia in moaie frije traap fan Alex en noch in kear Koné waard it 4-1.