Warnzers fiele har net feilich

© Omrop Fryslân
De ynwenners fan Warns binne tige ûntefreden oer de ferkearsfeiligens yn har doarp. Dat docht bliken út de doarpsfyzje 2015. De diken yn Warns binne fierste lyts foar it trochgeande ferkear. Ek wurdt faak te hurd riden. Dêrtroch ûntstiet der skea en fiele de bewenners har ûnfeilich.
Ferkearsfeiligens is dêrom ien fan de punten dêr't Doarpsbelang Warns him de kommende jierren yngeand mei dwaande hâlde sil.