Mear foarljochting minimabelied

© Omrop Fryslân
Skarsterlân wol de foarljochting oer it minimabelied ferbetterje. In soad minsken mei in leech ynkommen meitsje gjin gebrûk fan regelingen lykas de bysûndere bystân. Yn Skarsterlân binne dat sa'n 750 húshâldens. Benammen âlderen litte dat nei.
Mar 9 persint fan de groep dy't der rjocht op hat, docht wolris in berop op de bysundere bystân. In fjirde part fan de doelgroep freget om frijstelling fan de gemeentelike belestings.