Bestjoer stipet Marten vd Veen

05 mrt 2006 - 12:07

It FNP-bestjoer yn Achtkarspelen stiet achter fraksjefoarsitter Marten van der Veen. Van der Veen is op 'e nij listlûker en ek wethâlderskandidaat. In tal leden soe it dêr net mei iens wêze, wêrûnder de FNP-riedsleden Van Houten en Kloosterman.

Dy mannen binne in eigen fraksje begûn en hawwe betanke as lid. Sy steane noch wol op de FNP-kieslist en wolle sa mei foarkarstimmen yn de ried te kommen. It bestjoer fynt dat dat net kin.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)