Swimbadbestjoer lilk op PvdA

© Omrop Fryslân
It bestjoer fan swimbad De Klomp yn Wommels is poerlulk op de PvdA yn de gemeente Littenseradiel. As de PvdA nei de ferkiezings werom komt yn it kolleezje, is it gebeurd mei it swimbad. Dat seit bestjoerslid Pieter Huitema. De PvdA seit dat it it swimbad behâlde wol, mar neffens Huitema hat de partij dêr gjin sint foar oer.
Fierder seit hy dat in rapport fan trije advysburo's oer it swimbad geheim hâlden wurdt foar it bestjoer.