Swimbad Kealledykje wer iepen

04 mrt 2006 - 12:58

Ljouwert hat wer twa swimbaden. Freedtemiddei waard it nije Kealledykje iepene. De aksjegroep dy't tsien jier lang striden hat foar behâld fan it swimbad is tige tefreden.

De ôfrûne jierren wie it drok by De Blauwe Golf, it iennichste oare swimbad fan Ljouwert. It is dêrom foar de sportive en rekreative swimmers in útkomst dat se wer beskikke kinne oer twa swimbaden. De kommende moannen wurdt sporthal Kealledykje ferboud.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)