Wol sitte mar gjin tbs

04 mrt 2006 - 11:11

In 21-jierrige Ljouwerter dy't yn 2002 jeugd-TBS krigen hat, moat dy maatregel folslein útsitte, ek al wurdt er net behannele. Dat hat de rjochter yn Grins bepaald.

Mei in koart pleit woe de man berikke dat er fuortdalik frijlitten wurdt. De Ljouwerter sit yn jeugdfinzenis it Poortje yn Grins mar wurdt net behannele om't de tiid dy't er noch sitte moat derfoar te koart is. Op 15 maart komt de man frij.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)