Fertochten pakt foar fernielings

04 mrt 2006 - 10:08

Mei de oanhâlding fan 4 fertochten tinkt de plysje de fernielings yn Appelskea oplost te ha. It giet om twa manlju fan 21 en 18 jier út Easterwâlde, in 15-jierrige jonge út Meppel en in frou fan 42 jier út Appelskea. Yn febrewaris waarden der oan de Boerestreek rúten fan winkels fernield en blombakken omsmiten.

Ek waarden der 4 auto's fernield. De fertochten út Easterwâlde hiene earder allegear saken fernield yn har wenplak.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)