Wethâldersrûzje yn Wymbrits

03 mrt 2006 - 16:57

De ferkiezingsstriid yn Wymbritseradiel hat in grimitich karakter krigen. De wethâlders Gerben Gerbrandy fan de FNP en Rients de Boer fan Gemeentebelangen kinne net mear troch ien doar. Op in ferkiezingsdebatjûn yn Drylts sei Gerbrandy dat De Boer it oansjen fan de gemeente Wymbritseradiel ferspile hat troch syn hannelswize.

Gerbrandy wol net mear mei De Boer yn ien kolleezje. De Boer wie ferbjustere en neamde it polityk gerop.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)