AZC Lemmer yn augustus ticht

© Omrop Fryslân
It asylsikerssintrum op 'e Lemmer giet op 15 augustus definityf ticht. Dat hat it COA, it Centraal Orgaan opvang Asielzoekers, freed bekend makke. Yn it sintrum, dat sûnt 2002 bestiet, wie plak foar maksimaal 250 asylsikers. Sy waarden opfong yn houten keten.
Yn it asylsikerssintrum op 'e Lemmer wurkje op dit stuit sân minsken. Sy sille harren baan kwytreitsje. Der bliuwe yn Fryslân mar trije az's oer: Burgum, Drachten en Sint Anne.