Yllegaal baggerdepot Wetterskip

© Omrop Fryslân
Wetterskip Fryslân hat by St. Nyk in yllegaal baggerdepot oanlein. De bagger is sûnder fergunning opslein op it lân fan de famylje Van Eysinga, net fier fan harren bungalowpark. De famylje hie dêr tastimming foar jûn om. Doe 't de gemeente Skarsterlân de famylje sommearde om de bagger fan it lân te heljen, die bliken dat der in flater makke wie.
It wetterskip jouwt de flater ta en is al dwaande om de bagger op te romjen.