Jonges oppakt foar geweld

© Omrop Fryslân
De plysje hat tongersdei fjouwer jonges fan 14 en 15 jier oppakt, omdat se de auto fan in plysje yn boarger mei in iisbal bekûgele hiene. De man spruts har dêr op oan, wêrnei't de jonges begongen te skellen, te slaan en te spuien.
De plysje woe ien fan de jonges oanhâlde, mar de groep koe dat foarkomme. In passazjier fan de man hat doe 112 belle. Eefkes letter waard de groep oanhâlden en nei it buro brocht.