Glêsbakken foar basiskoallen

03 mrt 2006 - 11:08

De âlde glêsbakken fan de gemeente Kollumerlân komme by de basiskoallen yn de gemeente te stean. De glêsbakken wurde meikoarten ferfongen troch moderne ûnder de grûn en dêrom waard socht nei in nij doel foar de âlde bakken. De gemeente wol de âlde no by de skoallen delsette om de bern mear te belûken by it ynsammeljen.

De bedoeling is dat yn de âlde bakken noch gewoan glês sammele wurdt. De opbringst is dan foar de skoalle.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)