Wethâlder Dantumadiel mei bliuwe

03 mrt 2006 - 11:08

Wethâlder Jouke Dantuma fan de gemeente Dantumadiel mei bliuwe. De gemeenteried hat dat tongersdei bepaald. De wethâlder stie ûnder druk, omdat er foar de ferkiezingskampanje fan Dantumadiel '82 gebrûk makke ha soe fan it adressebestân fan de gemeente.

Dantuma hat tongersdei syn ekskuses oanbean. De gemeenteried wie tefreden mei de ekskuses. Tiisdei hie de ried in moasje fan ôfkarring oannommen fanwege de hannelswize fan Dantuma.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)