'Fallisemint skuld fan OM'
Sieb Oldenburger tinkt deroer om de steat oanspraaklik te stellen foar it fallisemint fan syn bedriuwen. Earder dizze wike kaam der in ein oan de strafrjochterlike prosedures tsjin Oldenburger.
It OM beskuldige Oldenburger derfan dat er yllegaal ôffal opsloech en easke hege straffen. Oldenburger krijt úteinlik in lege straf en seit dat it OM yndirekt meiferantwurdlik is foar syn fallisemint.