Minder winst Vlaggencentrale

03 mrt 2006 - 10:32

De winst fan de Vlaggencentrale yn Dokkum is oer 2005 mei de helte weromrûn. Yn 2004 wie de winst noch hast acht ton, ferline jier fjouwer ton. Dat hat algemien direkteur Hageman tongersdei bekend makke.

De winst wie minder troch de kosten fan in reorganisaasje. Tolve fan de goed hûndert meiwurkers ferlearen dêrby harren baan. De legere winst hat ek te krijen mei ynvestearrings yn digitale druktechnieken.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)