Fertochte 'bomboek' frijlitten

03 mrt 2006 - 09:25

De man dy't woansdei in fertocht pakket efterlitten hat yn buslijn 14 fan Ljouwert nei Drachten, is frijlitten. Dat hat de plysje bekend makke. Ut it ferhoar is dúdlik wurden dat de man net de bedoeling hie om minsken bang te meitsjen. It gie om in grap.

De man wurdt net ferfolge, om't der neffens justysje gjin sprake is fan in strafber feit. It pakket yn de bus - in boek mei in kasette - waard oansjoen foar in bom.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)