Utwreiding tbc-ûndersyk Harns

© Omrop Fryslân
De GGD Fryslân wreidet it ûndersyk nei tbc yn Harns út. Op 15 febrewaris waard der by in 45-jierrige man út Harns in besmetlike foarm fan tbc konstatearre.
De GGD is doe útein setten mei in saneamd kontaktûndersyk ûnder de direkt belutsenen. De útkomsten dêrfan binne oanlieding om it ûndersyk út te wreidzjen. De GGD sil no minsken út it priveelibben fan de Harnser ûndersykje en ek syn kollega's wurde ûndersocht op tbc.