'Bomboek' bus blykt priisfraach

02 mrt 2006 - 16:24

It 'bomboek' dat woansdei yn in Arriva bus fûn waard is in priisfraach. Fia it boek koene kaartsjes wûn wurde foar in konsert by jongerensintrum Iduna yn Drachten. Der is noch in oantal fan dizze pakketsjes yn omloop.

De plysje hat de programmeur fan Iduna oanhâlden. Dy hat de aksje betocht. Him hinget maksimaal 4 jier selstraf boppe de holle. De plysje rekkent him de aksje swier oan yn ferbân mei de angst foar terroristyske drigings.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)