Tandem ynset riedsferkiezings

02 mrt 2006 - 16:24

Ried it tal stimmen dat Progressief Wûnseradiel nije wike krijt en win... in tandem. De nije partij is ûntstien út de SP, D66 en GrienLinks en docht foar it earst mei oan de ferkiezings yn Wûnseradiel.

Mei de tandem wol de partij sjen litte dat se elkoar fertrouwe. It is net in nije fyts. Hy hat al goed 10 jier by de nûmer twa op de list, Willemijn van der Werf fan Hichtum, yn de skuorre stien.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)