Skoallesône iepene op 'e Tynje

© Omrop Fryslân
Op 'e Tynje is tongersdeitemoarn in saneamde skoallesône iepene op de strjitte by de twa basisskoallen en it pjutteboartersplak. Doel is om it dêr ferkearsfeiliger te meitsjen.
It heljen en bringen fan bern fynt foar in grut part plak mei de auto en dat smyt ûnfeilige situaasjes op foar de bern. Op 'e Tynje stean no ferkearsbuorden oan beide kanten fan de strjitte. Se wize âlders der op dat se hjir net mei de auto komme moatte.