Himpkwekerij oprolle

02 mrt 2006 - 12:19

De plysje hat woansdei yn Ljouwert in hennepkwekerij mei 127 planten oprolle. De plysje wie troch enerzjyleveransier Essent frege om ris by in hûs oan de Singelstrjitte te sjen.

De plysje waard deryn litten troch de 68-jierrige bewenner fan it hûs. Boppe waard de hennepkwekerij ûntdutsen. De bewenner moast mei nei it buro. De hennepplanten en alle materiaal fan de kwekerij wurde ferneatige.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)