Yntegriteit riedslid ûndersocht

© Omrop Fryslân
De gemeente Weststellingwerf lit in ûndersyk ynstelle nei SDP-riedslid Koopman. Hy soe him skuldich makke ha oan ôfpersing, fraude en misbrûk fan fertroulike ynformaasje. Ald-húsdokter Coster fan Wolvegea hat in klacht tsjin it riedslid yntsjinne.
It yntegriteits-buro fan 'e VNG ûndersiket de klacht. De gemeente sil maatregels nimme as dêr reden ta is.