Beleaning foar jonge aaisiker

02 mrt 2006 - 10:38

It bern dat yn de gemeente Boalsert it earste ljipaai fynt, krijt dêr in beleaning foar. It is dit jier foar it earst dat Boalsert in spesjale priis hat foar jonge aaisikers. De finer fan it earste aai krijt in wikseltrofee. It bern mei net âlder wêze as tolve jier en hy of sy moat it aai hielendal sûnder help fûn ha.

De folwoeksene dy't it earste ljipaai yn Boalsert fynt, krijt lykas in oarkonde en in tientsje finerslean.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)