Stiensmiters oppakt yn Snits

19 mrt 2012 - 10:17
  • De Wetterpoarte yn Snits

De plysje hat sneontenacht yn Snits fjouwer jonges oanhâlden foar fernielerij. It giet om in jonge fan 15 fan Koartehimmen en trije Snitsers fan 15, 17 en 19 jier.

In frou belle de plysje doe't se seach dat de fjouwer by de Wetterpoarte mei stiennen smieten. Doe't de plysjes dêroan kamen, seagen se dat oan de achterkant fan de Wetterpoarte oer in lingte fan in pear meter stiennen út de strjitte helle wiene. De jonges moasten mei nei it buro, dêr't se fêstset binne.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)