Boetes foar net goed ophokken

© Omrop Fryslân
De Algemene Inspectie Dienst, de AID, hat dizze wike de earste minsken op 'e bon slingere foar it net goed ôfdekken fan plomfee of wetterfûgels. De AID warskôget net mear. Der binne dizze wike ek kontrôles yn Fryslân.
De maatregel is nedich om de fersprieding fan fûgelgryp foar te kommen. By oertreding fan de regels krije minsken in ultimatum dat se de bisten binnen twa dagen ôfdekke moatte. Oars wurdt der in twangsom oplein.