Yllegaal dumpen strang oanpakt

© Omrop Fryslân
De yllegale dump fan smoargens yn 'e natuer wurdt fan nije wike ôf stranger oanpakt. Alve natuerorganisaasjes starte derom mei in kampanje om it yllegaal dumpen op te spoaren en de dieders oan te pakken.
Omslingerjend ôffal kostet de mienskip hannen fol jild en bedjêrt it lanskip, sa fine de natuerorganisaasjes. Yn in ferklearring jouwe sy oan dat der in mentaliteitsferoaring komme moat.