Ritsma definityf net nei Calgary

© Omrop Fryslân
Reedrider Rintje Ritsma giet definityf net mei nei it WK yn it Kanadeeske Calgary. De KNSB hat nei de Olympyske Spelen Carl Verheijen as tredde lid oan de ploech taheakke njonken Sven Kramer en Mark Tuitert. Ritsma hie der op rekkene dat de Worldcupfinale fan dit wykein as in lêste seleksjewedstryd jilde soe. It beslút fan de KNSB falt him ôf. Ritsma is no earste reserve.
It WK begjint op sneon 18 maart. By de froulju docht Wieteke Cramer mei.