Ofspraken oer rûnwei Frjentsjer

© Omrop Fryslân
De provinsje en de gemeente Frjentsjeradiel hawwe definityf har ôfspraken oer de súdlike rûnwei by Frjentsjer op papier setten. Beide partijen sille 6 miljoen euro betelje foar it klear meitsjen fan dy rûnwei.
Yn 2001 wie al de earste fase fan de dyk klear makke, mar omdat der te min jild wie foar in tunnel ûnder de spoarline Ljouwert-Harns troch, kaam it projekt stil te lizzen. Der is no keazen foar in fiadukt en in fytstunnel.