Gjin spesjale oanpak jabikskrûd

© Omrop Fryslân
Der komt gjin spesjale oanpak fan it giftige jabikskrûd. Dat hat de provinsje besletten. It jabikskrûd is foaral gefaarlik foar fee. Dat kin deagean at it yt fan hea dêr't it plantsje ynsit.
De FNP yn de steaten hie Deputearre Steaten frege om skerpere ôfspraken om it jabikskrûd te bestriden, mar dy sjogge dêr fanôf. Grienbehearders geane al hiel hoeden mei it jabikskrûd om. Noch mear omtinken kostet ek mear jild.