Akkoart oer Heak om Ljouwert

© Omrop Fryslân
De provinsje en de gemeenten Ljouwert, Littenseradiel en Menameradiel hawwe in mienskiplik beslút nommen oer it trajekt foar de Heak om Ljouwert hinne. Sy kieze foar in nije fjouwerbaansdyk tusken Hemriksein en Marsum.
Der komme fiif krusings fan ûngelikense hichte en dêrneist in akwadukt ûnder it Van Harinxmakanaal troch. It trajekt kostet mei inoar 220 miljoen euro. Op dit stuit is der noch in tekoart fan 32 miljoen euro.