Arrestaasjes foar drugssmokkel

© Omrop Fryslân
Yn Surch is in man oppakt fanwege in grutte ynternasjonale drugssmokkel. Ek yn Noard-Hollân binne arrestaasjes dien. It giet mei-inoar om alve minsken yn Nederlân en nochris trije yn Portugal. De oppakte minsken soene lid wêze fan in drugsbinde. Op in syljacht út Marokko waard ferline jier yn it suden fan Frankryk 3500 kilo hasj ûnderskept. De oanhâldings binne dien troch de Nasjonale Resjerzje. Der wurdt noch in drugsjacht socht.