Pingo's en dobben beskreaun

© Omrop Fryslân
In wurkgroep begjint dizze maitiid mei it op in rychje setten fan alle dobben en pingo's yn 'e Wâlden. De 130 lytse markes binne ûntstien yn leechlizzend lân of troch iis dat nei de iistiid teid is. Alle jierren wurde der fyftjin beskreaun, wat wetterkwaliteit en planten en bisten oanbelanget. De gegevens komme yn in jierferslach dat nei de grûneigners, gemeenten en Lânskipsbehear Fryslân giet.