'Ofkarde' sporthal yn gebrûk

© Omrop Fryslân
Tennisclub DLTC yn Drachten meie de eigen sporthal brûke, ek al foldocht er net oan de feiligenseasken. Yn de 3500 m2 grutte hal moat in ynstallaasje sitte foar ûntromming. Dy bestiet bygelyks út ljochtbakjes dy't de needútgangen oanjouwe. Om't der genôch needútgongen yn de hal sitte en der op syn heechst fyftich tennissers spylje, fynt de gemeente sa'n ynstallaasje net nedich. De hal mei net foar wat oars brûkt wurde.