Hobbyboeren sitte nijbou dwers

© Omrop Fryslân
Yn Hollum op It Amelân komme foarearst gjin nije wenten, sa hat de gemeenteried bepaald. Op it plak fan de eardere smederij Faber soene fjouwer wenten boud wurde. Twa hobbyboeren mei skiep hawwe dêr lykwols beswier tsjin makke. As de bewenners kleie oer stankoerlêst soene de hobbyboeren ferhúzje moatte.
It gemeentebestjoer sil meikoarten mei partijen te set om te praten oer in oplossing.