Rôffûgels fergiftige en bejage

28 feb 2006 - 15:01

Twa wiken lyn waarden twa deade mûzefalken fûn mei by harren in stikje fergiftige fleis. Ek wurde de fûgels hieltyd faker bejage en wurde de nêsten fernield. Dat blykt út in ûndersyk fan de Werkgroep Roofvogels Nederland.

Wa't der achter sitte is net bekind. Steatsboskbehear freget minsken om de eagen goed iepen te hâlden en de plysje te beljen as der guon binne dy't har fertocht ophâlde yn it fjild.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)