Aldere wurknimmers frijwilliger

28 feb 2006 - 14:56

Aldere wurknimmers yn Ljouwert moatte twa dagen yn de wike frijwillich plak meitsje foar de jongerein. Op dy twa dagen moatte se dan frijwiligerswurk dwaan, wylst harren salaris gewoan trochbetelle wurdt. Harren eigen wurk moat oernaam wurde troch wurkleaze jongerein dy't sa wurkûnderfining opdwaan kin.

Mei dat plan wolle de VVD en PvdA yn Ljouwert besykje de wurkleazens ûnder jongerein yn de stêd te ferminderjen.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)