Buertûndersyk yn Surhústerfean

28 feb 2006 - 14:55

Fia gerjocht buertûndersyk yn Surhústerfean sil de plysje probearje de dieders te pakken dy't de ôfrûne moannen tal fan fernielings pleegd hawwe yn it doarp. It giet om in twintichtal saken. De fandalen hiene it foaral foarsjoen op bedriuwsgebouwen en bushokjes.

Yn de nacht fan âld en nij gie de eardere muzykskoalle yn flammen op. Ek waarden der ruten ynsmiten by in skoalle en in notariskantoor.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)