Dief byt yn finger ferkeaper

© Omrop Fryslân
In meiwurker fan in winkel op Oer de Kelders yn Ljouwert is sneon yn syn finger biten troch in dief. In man soe de winkel út mei 8 djoere sinnebrillen sûnder te beteljen. Doe't de meiwurker de dief oanspruts en besocht tsjin te halden waard er yn syn finger biten. De man is útnaaid.
It giet om in negroïde man tusken de 25 en 30 jier, hy praat goed Nederlânsk mei in Surinaamsk aksint.